Ga naar inhoud

Toanielferiening Sabeare spilet ‘Leafde yn ‘e lift, Drama yn ‘e kast’

Oentsjerk

Toanielferiening Sabeare 25 jier! Toanielferiening Sabeare is yn 2001 yn Gytsjerk oprjochte.

Neem alvast een kijkje

“Dat betsjut dat wy dit seizoen ús 25 jierrich jubileum fiere!” Wy binne der grutsk op dat wy troch de jierren hinne hast alle jierren in toanielstik foar en yn de Trynwâlden opfiere mochten. Allinnich yn de coronajierren koe dit spitigernôch net trochgean.

Us regisseuze skriuwt alle jierren sels ús toanielstik. Dat is net allinnich bysûnder, it makket it ek ôfwikseljend en unyk. It giet oer deistige dingen mei in humoristyske knypeach nei de aktualiteit. Yn dizze jubileumútfiering kin in tal âlde bekenden fansels net ûntbrekke!

Yn dit jubileumjier bringt Sabeare in splinternij stik nei it poadium.

Toanielferiening ‘Sabeare’ spilet:

“Leafde yn ’e lift,
drama yn ’e kast”

Freed 20 febrewaris 2026
Sneon 21 febrewaris 2026
Freed 27 febrewaris 2026
Sneon 28 febrewaris 2026

Yn Pro Rege, Oentsjerk
Oanfang 20.00 oere

“Leafde yn ’e lift, drama yn ’e kast” is in komyske, absurde en hertferwaarmjende foarstelling oer leafde, famylje en de keunst fan it keppeljen.
Yn in universum dêr’t programma’s as Blind Date, Trekker-Tinder en MAFS de toan oanjouwe folgje wy Roos Engel, in relaasjecoach dy’t leafde besiket te regissearjen mei help fan har ûnwisse assistint Douwe. Mar as kandidaten mei eigenaardichheden en famyljeleden mei sterke mieningen har yn it spul smite, wurdt al gau dúdlik: leafde lit har net yn in Excel-skema fêstlizze.
It fariearret fan ûnhandige dates en sweverige monologen oant mysterieuze ferdwinings en TikTok-kommentaar fan ‘e sydline. De foarstelling biedt in parade fan personaazjes dy’t elts op syn eigen wize besiket leafde, identiteit en erfskip yn ’e mjitte te kommen.
En dan is der ek noch de komst fan in flamboyante frou mei grutte ambysjes… én in brief fan de notaris dy’t alles op ’e kop set...
“Leafde yn ’e lift, drama yn ’e kast” is in foarstelling fol humor, “hilaryske” misferstannen en in dripke drama. In leafdeslabyrint dêr’t gjinien sûnder klean útkomt, mar miskien wol mei in nij ynsjoch.

Koartsein, der bart mear as genôch!
Hâld ús yn ’e gaten – dit wolst net misse!

Wy sjogge jo graach yn febrewaris 2026!

Toanielferiening Sabeare
toneelsabeare@outlook.com
Info: Siepie Tomey: 06-22082540

Toon resultaten